Mei Willem de Haan op ekskurzje nei de ‘Halsbân’.

Hielendal optein waar ik doe’t Willem de Haan mij op in middei meinaam op ekskurzje nei de ‘Halsbân’.

“Hjir streamde de Marneslenk it lân yn”, begûn Willem entusjast, wylst we boppe op de nijboude ‘Halsbân’ bij Surch stiene.

”De Marne rûn oait yn in heale sirkel noardelik en eastlik rûnt Penjum en foarbij Wytmarsum fierder it lân yn oan’t Boalsert ta. 

 

De kwelderwâllen dysto links en rjochts sjochste binne ûntstien yn de tiid dat de see hjir noch frije tagong hie. Doe’t de wâllen heech genôch wiene ha de earste bewenners terpen en lege dykjes oanlein. De kwelderwâllen waaiere hjir as it ware út oer it lânskip en de terpen binne yn de rin fan de ieuwen útgroeid ta Surch, Kimswerd, Arum, Achlum, Wytmarsum en Penjum”. 

En Willem wiisde se ien foar ien oan.

 

“It bysûndere fan dizze nije ‘Halsbân’ is dat er as it wiere in brêge foarmt tusken it ieuwenalde lânskip fan de Penjumer Halsbân en de Waadsee.

Dy twa, lânskip en see, libje al ieuwenlang yn in haat leafde relaasje. 

Leafde omdat it lân syn bestean dankt oan de see en haat fanwege de ieuwnlange striid tsjin de alles ferneatigjende krêft fan it wetter.” 1)

 

Op side fjouwer fan it projektplan lies ik dat de leden fan de wurkgroep harren entûsjasme graach oan oaren oerdrage wolle. 

 

Willem is deryn mear as slagge.

Les fierder: 1. Foarôf