EEN WEBSITE  IN WORDING

              

 

Een concept onderwijsproject, bedoeld om verder te ontwikkelen door deelnemende scholen, onderwijsgevenden en leerlingen.

                                                                                                                                                                                                                                                              

                                                                    Foarôf                                               

 

Doe’t de ‘Wurkgroep PGH’ mij frege in lesbrief te skriuwen oer

 ‘De Penjumer Gulden Halsbân, wist ik net folle fan de ‘Halsbân’, hie der wolris fan heart en wifele op it fersyk yn te gean. 

Mar ik kaam op smaak doe’t ik it projektplan  lies:

 

                                               ‘Het Geheim van Pingjum'

 

“In geheim, de ûntdekking fan in goudstik, in juwiel, in monumint fan grutte kulturele en argeologyske wearde”, lies ik op de earste side. 

It wie as lies ik in spannend jongesboek.

 

It rôp herinneringen op oan juny 1969 doe’t wij wenjen giene yn de eardere Pastorij op de doarpsterp yn Lollum en ik bij it túnkjen in munt fûn.

“En dit is noch mar it begjin”, rôp ik tsjin frou en bern en seach de goudskat fan Wieuwerd foar mij opblinken. 

Efternei wie dizze erfaring it begjin, net fan de ûntdekking fan in skat, 

mar fan in nijsgirrige speurtocht nei spoaren fan it ferline yn terp, doarp en wiide omjouwing. 

‘Het Geheim van Pingjum’  lies ik fan de earste oan’t de lêste side en waar entusjast oer de ‘Halsbân’.

 

Hielendal optein waar ik doe’t Willem de Haan mij op in middei meinaam op ekskurzje nei de ‘Halsbân’.

“Hjir streamde de Marneslenk it lân yn”, begûn Willem entusjast, wylst we boppe op de nijboude ‘Halsbân’ bij Surch stiene.

”De Marne rûn oait yn in heale sirkel noardelik en eastlik rûnt Penjum en foarbij Wytmarsum fierder it lân yn oan’t Boalsert ta. 

 

De kwelderwâllen dysto links en rjochts sjochste binne ûntstien yn de tiid dat de see hjir noch frije tagong hie. Doe’t de wâllen heech genôch wiene ha de earste bewenners terpen en lege dykjes oanlein. De kwelderwâllen waaiere hjir as it ware út oer it lânskip en de terpen binne yn de rin fan de ieuwen útgroeid ta Surch, Kimswerd, Arum, Achlum, Wytmarsum en Penjum”. 

En Willem wiisde se ien foar ien oan.

 

“It bysûndere fan dizze nije ‘Halsbân’ is dat er as it wiere in brêge foarmt tusken it ieuwenalde lânskip fan de Penjumer Halsbân en de Waadsee.

Dy twa, lânskip en see, libje al ieuwenlang yn in haat leafde relaasje. 

Leafde omdat it lân syn bestean dankt oan de see en haat fanwege de ieuwnlange striid tsjin de alles ferneatigjende krêft fan it wetter.” 1)

 

Op side fjouwer fan it projektplan lies ik dat de leden fan de wurkgroep harren entûsjasme graach oan oaren oerdrage wolle. 

Willem is deryn mear as slagge.

Dy opdracht krige ik ek bij it skriuwen fan in lesbrief foar de bern.

Fan myn eigen terperfarings en fan Willem learde ik de betsjutting fan in unyke persoanlike erfaring.

“Dat moat it hert fan de ’lesbrief’ wurde”, tocht ik.

Gjin les mar in brief mei in fersyk fan de ûntdekkers oan de bern foarmt derom it begjin fan dit projekt. 

 

                                                                                                   Meinte Vierstra

 

 

                                                                Penjum, oktober 2015

 

Jonges  en famkes,                                                    

Wij hawwe in skat ûntdekt. 

Wij, dat binne Paulus, Willem,Tsjebbe, Jan en Felix

Wij fiele ús ryk, it is noch in geheim, it geheim fan Penjum.

Mar wij wolle it geheim, de skat net foar ússels hâlde want earlik is earlik 

it is net allinech it geheim fan Penjum. Net allinech ús skat mar it is ek de skat fan Arum, Kimswerd, Achlum, Wytmarsum, Wûns en Surch.

Wij wolle ús geheim, ús skat graach mei jimme diele.

Wij noegje jimme út, stap foar stap mei ús op ûntdekking te gean,

Om it geheim fierder útenoar te raffeljen.

Wij heare graach of jimme mei dogge.

 

Groetnis, 

 

Felix, Jan, Paulus, Tsjebbe en Willem

 

 

 

1) De bou fan de earste terpen en diken is prachtich utbyld yn it animaasje filmke fan de

Pingjumer Gulden Halsband :Hartje http://vimeo.com/26012412    KERNTHEMA 2

 

 

 

 

 

 

VERDER NAAR

INHOUD   Hartje   2. UITNODIGING